Ljouwerter krijt trije jier sel foar oerfal snackbar

19 aug 2016 - 16:35

In 23-jierrige man út Ljouwert is yn heger berop feroardiele ta trije jier sel foar in gewelddiedige oerfal op in snackbar yn Grins. Dy straf is gelyk oan wat de rjochtbank earder bepaald hie. Hast twa jier lyn oerfoel de Ljouwerter mei in man út Usquert de snackbar en makke ûnder driging fan in mes 460 euro bút. De fertochten koene oppakt wurde nei in anonime tip.

Om mear ynformaasje te krijen, gong in plysjeman undercover de finzenis yn. Mar it gerjochtshôf hat net meiwoegen wat dy plysjeman gewaarwurden is. Wol telde de ferklearring fan de eks-freondinne fan de Ljouwerter. Dy hat ûnder oare sein dat se in bivakmûtse yn de wask fûn hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)