IFKS: Lytse Lies fan Ton Brundel wint by De Lemmer

19 aug 2016 - 16:24

It skûtsje de Lytse Lies hat freedtemiddei de sechde wedstriiddei fan de IFKS by De Lemmer wûn. Skipper Ton Brundel fan De Gaastmar kaam mei syn skûtsje as earste oer de einstreek. Op it twadde plak einige it skûtsje It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee. De Emanuel, dy't tongersdei de oerwinning pakte by Ychtenbrêge, behelle it tredde plak.

Yn it klassemint is it noch spannend. De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus giet noch hieltyd oan 'e lieding, It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee folget op twa punten.

Sneon stiet alwer de lêste wedstriiddei fan de IFKS op it programma. De skippen bliuwe by De Lemmer, dêr wurde de finales syld. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)