Ljouwerters oanhâlden foar hannel yn medisinen

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa Ljouwerters fan 69 en 43 jier oanhâlden foar hannel yn medisinen. It giet om in man en frou út de wyk Suderbuorren. It duo is moandei al oanhâlden, mar bliuwt foarearst fêst sitten foar fierder ûndersyk.
Yn de wenning fan de twa fûn de plysje in soad medisinen en in administraasje. It guod is yn beslach naam, lykas in grut jildbedrach en sieraden. De plysje docht tegearre mei de Ynspeksje fan Folkssûnens ûndersyk nei wêr't de medisinen weikomme en wat foar medisinen it krekt binne.