Fiif mannen sette himpkwekerij op yn wenning: oppakt

© Plysje
De plysje yn Snits hat tongersdeitemiddei fiif manlju oanhâlden dy't dwaande wiene mei it ynrjochtsjen fan in himpkwekerij yn in leechsteande wenning oan De Vang. Buertbewenners seagen de manlju en fertrouden it net. Sy warskôgen de plysje. Dy fûn twa manlju fan 25 en 26 jier sûnder fêst wenplak en in 66-jierrige Amsterdammer yn de wente.
Twa oare fertochten naaiden út yn in auto, mar binne op de Molenkrite oan de kant set. It giet om in 28-jierrige Amsterdammer en in 35-jierrige man út Amstelveen.
De fiif sitte noch fêst foar fierder ûndersyk. De twa auto's fan de manlju binne yn beslach naam.