Plysje pakt twadde fertochte fan ynbraak op Flylân

© Omrop Fryslân
De plysje op Flylân hat in twadde fertochte oanhâlden foar de ynbraak yn in fakânsjehûs oan de Duinkersoord. It giet om in 18-jierrige jonge. Earder waard al in 17-jierrige fertochte oanhâlden. It duo waard woansdeitenacht trappearre troch de bewenner. Dy wist sels ien fan de fertochten oan te hâlden.
De twadde naaide út mei in stellen laptop, mar koe tongersdei oanhâlden wurde. It ynbrekkersduo wurdt ek fertocht fan it stellen fan in fyts. Se binne nei it plysjeburo yn Ljouwert oerbrocht en sitte fêst foar fierder ûndersyk.