Broekster rydt mei GHB op

07 maaie 2012 - 10:23

De plysje hat sneintemiddei in man (24) út De Broek oanholden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. In tsjûge seach de man al slingerjend troch It Hearrenfean riden en belle de plysje. Dy seach dat de bestjoerder troch read ried. Hy waard oan de kant set. De man ferklearre dat er GHB brûkt hie.

Hy is oanholden. Syn auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
drugs GHB De Broek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)