Kanadeeske MacIntosh nije oanwinst foar UNIS Flyers

18 aug 2016 - 20:45

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe har fersterke mei in nije spiler: de Kanadeeske oanfaller Cory MacIntosh. Dat makke de klup tongersdei bekend. De 24-jierrige MacIntosh komt oer fan de Saint Francis Xavier University, wêr't er yn de ôfrûne jierren mear as hûndert wedstriden spile.

“Ik verwacht dat Cory MacIntosh een flinke aanwinst is voor ons. Hij heeft op het hoogste jeugdniveau gespeeld en daarna bij één van de betere universiteiten in Canada'', sa seit coach Mike Nason.

De Kanadees sjocht dernei út om foar de Flyers te spyljen. “Ik heb gekozen om in Europa te gaan spelen omdat ik graag een nieuwe cultuur wil leren kennen. Ik heb goede dingen gehoord over Nederland en heb erg veel zin om in Heerenveen te gaan spelen”, sa seit de 24-jierrige oanfaller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)