''Lanlike polityk moat gau nije wet oannimme''

De lanlike polityk yn Den Haach moat gau de nije wet oannimme dy't ynstânsjes mear foech jout op te treden tsjin minsken mei in psychyske steuring. Dy oprop docht boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert nei de presintaasje fan in ûndersyk fan de Inspectie Veiligheid en Justitie en de Inspectie voor de Gezondheidszorg. De ynspeksjes hawwe yn it ûndersyk konkludearre dat plysje, Iepenbier Ministearje, de gemeente Ljouwert en GGZ Fryslân goed optreden ha yn de begelieding fan Udo D.
Mar troch ynstânsjes mear foech te jaan yn de nije wet, kinne minsken mei in psychyske steuring bygelyks twongen wurde ambulante soarch te krijen. No is dat net sa. Udo D. waard op 5 augustus fan it foarige jier ûntslein út de GGZ klinyk. Op 19 oktober kaam in 68-jierrige frou om it libben doe't Udo D. har mei in flesse op de holle slein hie. In oare frou rekke earder op De Weaze ferwûne. Udo D. waard troch de rjochter feroardiele ta 6 jier en tbs plus twangferpleging.