IFKS: skûtsje Emanuel wint by Ychtenbrêge

De fiifde wedstriiddei fan it IFKS kampioenskip is tongersdeitemiddei wûn troch it skûtsje Emanuel fan De Lemmer. Skipper Merijn Olsthoorn wie op it wetter by Ychtenbrêge de bêste. It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee kaam as twadde oer de einstreek. Op it tredde plak einige Eastermar. De start fan de wedstriid waard útsteld om't der op it wetter net genôch wyn stie.
Freed wurdt der wer syld by De Lemmer. Dêr wurdt takom sneon ek de finale fan it IFKS kampioenskip hâlden. De Zes Gebroeders fan Makkum giet oan 'e lieding yn it klassemint.