Brân yn garaazjeboksen troch fout by foljen meanmasine

18 aug 2016 - 14:31

De brân yn de garaazje oan de Schwartzenberghleane yn Drachten is ûntstien by it foljen fan in meanmasine. Troch in fout by it foljen fleach de benzine yn de brân en koe it fjoer gau om him hinne gripe. Der is noch besocht om it fjoer sels te blussen, mar dat mislearre.

By de brân binne woansdei twa garaazjeboksen ôfbaarnd, wêrby ek asbest frijkaam. In spesjalisearre bedriuw rommet it asbest tongersdei op en is dêr nei alle gedachten oant en mei freedtemoarn mei dwaande.

Trefwurden: 
brân garaazje Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)