Feanster drugshanneler moat tsien moannen de sel yn

Speed © ANP XTRA
In 24-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean moat tsien moannen de sel yn fanwegen de hannel yn soft- en harddrugs. Dat hat de rjochtbank tongersdei bepaald. De man waard yn febrewaris oppakt, neidat de plysje in tip krige fan in drugsbrûker.
De Feanster hannele fan út syn âlderlik hûs. Dêr waarden ek in stroomstjitwapen en inkelde kûgels fûn. Hy moat him ek melde by de reklassearring. Mocht dy dat nedich fine dan moat de man him ek behannelje litte foar syn ghb-ferslaving.