Lawine fan boeten foar Ljouwerter brommerrider
In 18-jierrige Ljouwerter is woansdei in aardich bedrach oan bekeuringen kwytrekke. De plysje hold de man oan op de M.H. Trompstrjitte om't hy op in brommer sûnder kenteken ried. De brommer wie net fersekere en net keurd. De jonge mocht dêrom net mei de brommer de strjitte op. Boppedat hie de Ljouwerter gjin helm op en hie hy gjin rydbewiis. Hy krige foar alle fergripen in boete.