Ferwûne man (59) út Aldwâld ferstoarn

18 aug 2016 - 11:42

De 59-jierrige man út Aldwâld dy't woansdeitejûn swier ferwûne yn de tún fan syn hûs oan de Allemawei fûn waard, is tongersdeitemoarn yn it sikehûs oan syn ferwûningen ferstoarn. Yn it hûs waard it stoflik omskot fan syn 55-jierrige frou fûn. It giet nei alle gedachten om in famyljedrama.

Sawol de frou as de man hienen swiere brânwûnen. De man waard nei it brânwûnesintrum yn Grins brocht. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it drama. De wenning wurdt yn elts gefal oant freed noch bewekke yn ferbân mei forinsysk ûndersyk. De plysje heart tsjûgen, ien fan de wichtichste tsjûgen wie de 59-jierrige bewenner dy't tongersdeitemoarn ferstoarn is. Dat makket it in komplekse saak, sa sei de wurdfierder fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)