Aldwâld yn sjok nei famyljedrama: tredde klap yn tsien jier

Ynwenners fan Aldwâld binne yn sjok nei it famyljedrama yn it doarp. In 55-jierrige ynwenster en eigener fan in kapsalon kaam woansdei om it libben by wat liket in drama yn húslike kring. Har 59-jierrige man waard mei swiere brânwûnen oantroffen yn de tún. Wat him krekt ôfspile hat, is ûndúdlik. De plysje docht noch ûndersyk.
It is de tredde grutte klap foar it doarp yn tsien jier tiid. Yn 2006 waard op hast itselde plak in famke ferkrêfte. Yn deselde strjitte wenne ek Jasper S., de moardner fan Marianne Vaatstra. Hy waard yn 2012 oanhâlden.
Neffens foarsitter Sjoerd Hoekstra fan doarpsbelang Aldwâld steane dy saken los fan elkoar, mar komt it doarp sa wol faak negatyf yn it nijs. "Aldwâld is steeds bekender oan it wurden yn it lân en dat is net altyd noflik", sa seit Hoekstra. De gemeente Kollumerlân oerleit no mei de plysje om te sjen oft der in spesjale byienkomst komme moat foar doarpsbewenners.