Byld Ynjemonumint wurdt sa goed mooglik reparearre

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De stichting Indië-Monument Friesland lit it byld fan de jonge soldaat dat freedtenacht fernield is, sa goed mooglik reparearje. Nei de reparaasje kin der in mal makke wurde, dy't mooglik brûkt wurde kin foar in nij byld. Dat seit sekretaris Hoogsteen fan de stichting.
It byld by it monumint yn it Ljouwerter Rengerspark is sa bot fernield dat it net wer hielendal makke wurde kin. Der is noch net ien oanhâlden foar de fernieling.
De stichting Indië-Monument hat ferskate oanbiedingen krigen fan keunstners dy't wol wat nijs meitsje wolle. It bestjoer beriedt him dêr noch op. By de betinking ein dizze moanne wurdt in aksje hâlden om mear donateurs te krijen, want dat oantal rint werom.