Drachtster ynbrekker op 'e die betrape op Flylân

© Omrop Fryslân
De plysje op Flylân hat woansdeitenacht in 17-jierrige ynbrekker út Drachten oanhâlden. De jonge en in maat waarden troch de bewenner trappearre doe't se ynbrutsen yn in fakânsjewenning oan it Duinkersoord. Se naaiden út en namen in laptop mei.
De bewenner fûn ien fan de ynbrekkers yn de boskjes by syn wenning en droech de knaap oer oan de plysje. De twadde ynbrekker is noch spoarleas, lykas de stellen laptop.