Twa fjochtersbazen oanhâlden op Ruterskertier yn Ljouwert

18 aug 2016 - 09:01

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn twa fjochtersbazen fan 18 en 20 jier út de gemeente Ljouwerteradiel oanhâlden. Se makken diel út fan in groep dy't op it Ruterskertier mei in oare groep oan it fjochtsjen wie. Doe't de plysje kaam, wiene de groepen krekt út inoar gien.

De plysje stjoerde beide groepen in oare kant út, mar ien groep besocht de oare op 'e nij op te sykjen. Mei help fan de wapenstôk waard de groep werom dreaun, wêrby't twa manlju oanhâlden binne foar it misledigjen fan de plysje.

De beide manlju wurde tongersdei heard oer it misledigjen fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)