Hast alle Fryske kampioenen winne ek op It Heidenskip

17 aug 2016 - 22:12

Fjouwer fierljeppers dy't sneon yn Winsum de Fryske titel pakten wiene woansdeitejûn op de revânsljepperij fan It Heidenskip wer de bêste. Dy fjouwer binne ek lid fan de ôfdieling It Heidenskip.

Oane Galama wûn by de senioaren mei 20.25, Marrit van de Wal by de froulju mei 15.58, Hessel Haanstra mei in pr fan 17.41 by de jonges en Sigrid Bokma wûn mei 14.58 by de famkes.

By de junioaren gong de winst nei Rutger Piersma mei in geweldich persoanlik rekôr fan 19.29, de fierste junioare-ôfstân dit seizoen yn Fryslân. Piersma is ek lid fan de ôfdieling It Heidenskip, mar seach sneon dat de Fryske titel nei Jan Teade Nauta fan Drylts gong.

By de senioaren waard Sytse Bokma (20.08) twadde en Age Hulder (19.69) tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)