UPDATE: Steuring oplost, treinen Ljouwert en Harns ride wer

17 aug 2016 - 18:17

Treinreizgers tusken Ljouwert en Harns moasten woansdeitejûn rekken hâlde mei fertraging. Troch in sein- en wikselsteuring wie der gjin treinferkear mooglik. Arriva hie bussen ynset om de minsken dochs op harren bestimming te krijen.

Om healwei achten hinne wie de steuring wer oplost.

Trefwurden: 
Ljouwert Harns steuring trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)