Teloarstelling by Fryske boeren oer regels wynmûnen

17 aug 2016 - 16:37

Teloarstelling by Fryske boeren. Se wolle graach in wynmûne fan it bedriuw EAZ Wind út Hoogezand op it hiem ha, mar regels fan de provinsje stean dat net ta. Yn Grinslân mei it wol en dêr binne de mûnen tige populêr. De wynmûnen binne maksimaal 15 meter heech en hawwe houten wjukken. It bedriuw EAZ Wind út Hoogezand is oprjochte troch trije âld-studinten Werktuigbouwkunde. Sy wolle oer sân jier trijetûzen mûnen yn de provinsje Grinslân stean ha.

Ien mûne leveret jierliks sa'n tritichtûzen kilowattoere op, dat is rom mear as it jierlikse enerzjyferbrûk fan in gemiddeld húshâlden. Ek yn Drinte komt de pleatsing stadich op gong. Fryske boeren wolle graach dat de provinsje him liniger opstelt en de lytse mûnen ek tastean sil. De provinsje seit dat it belied benammen is om wynmûnen yn de Iselmar, op de kop fan 'e Ofslútdyk en mooglik by It Hearrenfean te pleatsen.

Trefwurden: 
EAZ Wind boeren wynmûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)