Wylde Wytse fan Sikke Heerschop wint op Sleattemer Mar

It skûtsje Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop hat woansdeitemiddei by Sleat de fjirde wedstriiddei fan de IFKS wûn. De Zes Gebroeders út Makkum fan Klaas Kuperus einige op it twadde plak, Froukje Osinga kaam mei de Jonge Jasper as tredde oer de einstreek.
De Zes Gebroeders fan Klaas Kuperus giet op it stuit oan de lieding yn it klassemint mei 10 punten. Froukje Osinga folget mei de Jonge Jasper op it twadde plak mei 15.9 punten. De winner fan woansdei, Sikke Heerschop, stiet mei 17.9 punten op it tredde plak.