Shirley is Miss Fryslân 2012

07 maaie 2012 - 01:24

De 20-jierrige Shirley Wijngaarden is de nije Miss Fryslân. De Ljouwerter beauty waard sneintejûn yn Wolvegea kroand ta de moaiste fan Fryslân. Yn de finale naam se it op tsjin alve oare froulju út hiel Fryslân, dy't allegear itselde doel hienen: de opfolger wurde fan Mary-Anne Kameron, de miss Fryslân fan 2011.

Nei ferskate rondes waard Shirley úteinlik troch de sjuery útkeazen. Letter dit jier sil dizze miss Fryslân ús provinsje fertsjinwurdigje op de Miss Nederlân ferkiezing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)