Twa jonge minsken warskôge fanwege lûdsoerlêst
De plysje fan Ljouwert hat tiisdeitenacht twa kear yn aksje west fanwege lûdsoerlêst. Flak nei ienen kaam der in melding fan de Gerbrandywei. Dêr krige in 24-jierrige bewenner in warskôging.
Koart dêrnei wie it raak yn de Rembrandtstrjitte, dêr gie de warskôging nei in 21-jierrige bewenner. Beide kinne in proses-ferbaal ferwachtsje as se wer yn oertreding gean.