Driuwende pier Harns yn testfaze

17 aug 2016 - 13:38

De proef mei in driuwende pier by it strantsje fan Harns moat al binnen in pear dagen resultaten opsmite. Mei de pier wurdt foarkaam dat minsken troch it oanspielde slyk baggerje moatte.

Dat slyk ûnstiet op see en wurdt troch de wyn nei de kust blaasd. De gemeente hellet it slyk sa no en dan fuort, mar it komt hieltyd werom. De pier soe mooglik in oplossing wêze kinne. Dy is makke fan keunstofeleminten dy't oan elkoar keppele wurde.

Bliuwt de pier driuwen

De proef moat ûnder oare dúdlik meitsje oft de eleminten op it slyk driuwen bliuwe en hoe grut de pier wurde moat.

De takomst

Mocht de proef posityf útfalle, dan sil de gemeente foar takom simmer sels in pier oanskaffe. Dy wurdt winterdeis út it wetter helle en opslein by de gemeente. De earste ûnderfinings fan besikers binne posityf. Dy jouwe oan no sûnder smoarge fuotten de see yn te kinnen. Wol tinke se dat de proefpier te lyts is foar in soad besikers. De gemeente lit witte dat de pier dy't der no leit allinne in testmodel is. Mocht der in definitive fersy oanskaft wurde dan sil dy langer wêze en mooglik oan de ein ek in platfoarm ha.

Trefwurden: 
pier Harns slyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)