Twa hurdriders rydbewiis kwyt

17 aug 2016 - 12:44

De plysje hat tiisdei op twa plakken yn Fryslân rydbewizen ynnaam fanwege te hurd riden. In 19-jierrige begjinnend autobestjoerder út Sint-Anne waard betrape op de Heak om Ljouwert. Hy hie 154 kilometer op de teller stean, wylst op de dyk mar 100 kilometer yn de oere tastien is.

Op de Ofslútdyk waard in 47-jierrige motorrider út Amsterdam betrape. Hy ried 186 kilometer, wylst dêr 130 kilometer mei.

Trefwurden: 
hurdrider rydbewiis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)