Sifan Hassan wurdt fiifde op 1500 meter yn Rio

De eardere Ljouwerter hurdrinster Sifan Hassan is fannacht fyfde wurden op de 1500 meter by de Olympyske Spelen yn Rio. Hassan wist op te klimmen nei it tredde plak, mar waard úteinlik ynhelle troch twa Amerikaanske hurdrinsters.
Neffens eigen sizzen lei dat benammen oan in minne tarieding. Hassan rekke dizze maaitiid blessearre en koe dêrtroch trije moanne lang net trene. Hassan waard yn Etiopië berne en kaam as flechtling nei Ljouwert. Dêr begûn se har karrière by atletykferiening Lionitas.
De 1500 meter yn Rio waard wûn troch Faith Kipyegon út Kenia, folge troch de Etiopise Genzebe Dibaba en de Amerikaanse Jennifer Simpson.
Sifan Hassan kaam yn Nederlân earst yn it opfangkamp fan Súdlaren. Nei acht moanne ferhuze se nei Ljouwert. By atletykferiening Lionitas waard Yke Schouwstra har trainster. Schouwstra siet yn de nacht fan tiisdei op woansdei foar de telefyzje om te sjen hoe't har âld-pupil it die.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.