Undersyksrapport Udo D. wurdt presintearre

17 aug 2016 - 06:29

It ûndersyksrapport nei it ekstreme geweld fan de Ljouwerter Udo D. wurdt tongersdei presintearre. Dit ûndersyk is dien troch de Inspectie Veiligheid en Justitie en de Inspectie voor de Gezondheidszorg.

Udo D. sloech yn oktober 2015 in frou dea en ferwûne in oare frou. Hy wie al jierren bekend by de gemeente Ljouwert, de plysje, it Iepenbier Ministearje en de GGZ-Friesland yn ferbân mei oerlêst en dat hy yn de war wie. De opdracht foar it ûndersyk is jûn troch de fjouwer ynstânsjes.

Trefwurden: 
Udo D. geweld ûndersyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)