Fryske hynders traine foar polowedstriden

17 aug 2016 - 00:21

Op it grutte polo-toernoai, kommende moanne yn Riis sil der ek polo spile wurde op Fryske hynders. Dat is unyk, want gewoanwei wurdt dêr gjin polo op spile om't de hynders te grut binne foar it spultsje. It inisjatyf komt njonken de organisaasje fan it toernoai ek fan it Frysk hynstestamboek.

Fjouwer Fryske teams sille it tsjin elkoar opnimme. Tiisdeitejûn waard der in training jûn troch Aki van Andel. Ruters en hynders moasten flink wenne, om it wat makliker te meitsjen waard mei in oare bal spile as mei echte polowedstriden.

Van Andel is ien fan de grutste polospilers fan ús lân, mar ek de toernoaidirekteur. De Frisian Polo Trophee fynt yn septimber plak. Foar it earst wurde der dan troch Nederlânske teams yn Noard-Nederlân offisjele polowedstriden spile. Polo Riis, eigener fan de nije baan, wol yn de takomst faker nasjonale en ynternasjonale wedstriden. De tariedings foar it evenemint binne al in hiel ein op streek sa seit de organisaasje, al moat der noch wol it ien en oar oan it fjild gebeure.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)