Epke Zonderland falt fan rekstôk en wurdt sânde

16 aug 2016 - 20:49

Epke Zonderland is der net yn slagge wer goud te heljen op de Olympyske Spelen. Hy foel fan de rekstôk. By de oefening kaam er net goed mei de hannen oan de rekstôk en foel er by it twadde flechtelemint. Epke makke syn oefening wol ôf. Hy behelle in skoare fan 14.033. Dêrmei waard er sânde en ien-nei-lêste. De Oekraïner Oleg Verniaev foel ek. De Dútser Fabian Hambüchen hie in skoare fan 15.766 punten en wûn goud.

De oanrin nei de Spelen ferrûn net goed foar de turner fan Sportstêd Hearrenfean. Hy rûn in harsenskodding op, hie sa no en dan flink pineholle en hie ek nochris bot lêst fan 'e fingers. Dêrtroch die Epke net mei op de brêge en foltiizje, mar oan de rekstôk hie er minder lêst fan syn kniesde fingers. Dochs foel Epke yn de training krekt foar de finale-oefening wol fan de rekstôk en die er de hân fuortendaliks yn it iis.

Earder waard Epke wrâldkampioen op rekstôk yn 2013 en 2014. Yn 2011 helle er syn earste grutte priis troch Europeesk kampioen te wurden yn Berlyn. Dat werhelle er yn 2014 yn Sofia.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)