Deade hûn sûnder kop fûn yn sleat by Drachten

16 aug 2016 - 19:03

Yn it wetter oan de Teslaleane op yndustryterrein A7 yn Drachten is tiisdeitemiddei in deade hûn sûnder kop oantroffen. Njonken de hûn dreau in jiskepûde. In frou dy't har eigen hûn swimme liet, fûn it bist. Se belle dêrnei de diere-ambulânse. De plysje waard der ek by roppen.

De hûn hat neffens de meiwukers fan de diere-ambulânse oant oardel moanne yn it wetter lein. De hûn hie gjin chip. De gemeente Smellingerlân hat de hûn ophelle.

TINK DEROM: De twadde foto by dit berjocht kin as skokkend ûnderfûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)