Goud foar Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester is olympysk kampioen wurden. De sylster út Warten wûn yn Rio de Janerio goud yn de Laser Radial-klasse. Yn de lêste race waard se sânde en dat wie genôch foar it earste plak, al wie it ferskriklik spannend. Se moast Anne-Marie Rindom út Denemarken en Annalise Murphy út Ierlân yn de gaten hâlde en dat slagge. Murphy waard fyfde en Rindom achtste. Murphy pakte dêrmei sulver, Rindom brûns.
Yn 2012 pakte Bouwmeester sulver by de Olympyske Spelen fan Londen. De 28-jierrige Bouwmeester waard yn 2011 en 2014 wrâldkampioene.
Bouwmeester wie úteinlik de bêste yn Rio de Janeiro troch benammen stabyl te silen. Yn de tredde race sette se har minste resultaat del, want se waard 14e. Dat waard lykwols har ôflûkresultaat. Fuort dêrnei wûn se race fjouwer. It waard úteinlik de iennige race dy't se wûn. Yn race acht waard se 13e, mar fierder einige se net leger as sechsde. Bouwmeester hie har taret op ferskillende omstannichheden op ferskillende banen, en dat pakte goed út.
It is de earste gouden sylmedalje yn 80 jier foar Nederlân. Yn 1936 wûn Daan Kagchelland út Rotterdam yn de Olympiajol in gouden medalje mei de Spelen yn Berlyn. Bouwmeester is nei Epke Zonderland (2012, Londen), Roelof Klein (1900, Parys), en de follyballers Olof van der Meulen, Richard Schuil en Jan Posthuma (1996, Atlanta) de sechsde Fries mei in goude medalje. As je Franke Sloothaak meitelle is se de sânde. Sloothaak kaam as springruter út foar Dútslân.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.