Snits Wyt Swart nije koprinner

06 maaie 2012 - 16:38

Snits Wyt Swart hat snein mei 4-2 wûn fan Hoogeveen. Yn Hoogeveen krige it publyk in wedstriid mei twa gesichten te sjen. Yn de earste helte spilen de Snitsers striemin en kaam de thúsploech fertsjinne op 2-0.

Nei de rêst kaam de ploech fan Johan Groote sterk út de klaaihokken en spile in poerbêste twadde helte. In eigen doelpunt fan Hoogeveen wie it begjin fan de ynhelrace. Arvid Osinga sette de Snitsers op likense hichte, wêrnei't Marcelino Merino Morato foar de 3-2 tekene. Mei syn 2e treffer sette Osinga de einstân op it boerd.

Troch de winst en it lykspul fan koprinner Be Quick 1887 stiet Snits Wyt Swart no boppe-oan yn de sneinshaadklasse. Takom wike stiet de kreaker tsjin de nûmer 3 Alcides op it programma. By winst promovearje de Snitsers nei de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)