UPDATE Arend Wisse de Boer wint skûtsjesilen op Hegemer Mar

Arend Wisse de Boer is tiisdei mei de Drie Gebroeders winner wurden fan it IFKS-skûtsjesilen by Heech. Nei in minne start leine se hiel lang op in tredde plak. mar se koene dochs winne. Twadde waard skipper Klaas Kuperus fan Makkum mei de Zes Gebroeders. Tredde de Lytse Lies mei Tony Brundel.
De oaren finishten sa: 4. Ut en Thús, 5. Wylde Wytse, 6. Swarte Wiif, 7. Raerder Roek, 8. Eelkje II, 9. Emanuel, 10. Jonge Jasper, 11. Grutte Pier, 12. Striidber, 13. Jonge Rein, 14. Eenvoud, 15 It Doarp Eastermar, 16. Hoop op Zegen.
De Zes Gebroeders út Makkum stiet boppe-oan it klassemint, folge troch de Jonge Jasper en it Swarte Wiif fan De Tynje.