"Net genôch faksins tsjin RHDV-2 foar alle kninen"

Der is in grutte run op de faksinaasjes foar de kninesykte RHDV-2 yn Fryslân. Sa grut sels, dat bistedokters ekstra jûnstsjinsten draaie moatte en safolle mooglik faksinaasjes besykje te bestellen. Dat seit Erik Apperlo, feedokter by de bistedokterpraktyk út Hurdegaryp.
Dochs binne der lanlik lang net genôch faksins foar alle nuete kninen. De Faculteit Dierengeneeskunde fan de Universiteit Utrecht makket dat tiisdei bekend. Sy soargje foar it grutste part foar de foarried fan de faksinaasjes.
Faksins út it bûtenlân
Yn it hiele lân binne der ien miljoen nuete kninen yn it lân en der binne sa'n 135.000 faksins besteld. De bistedokter út Hurdegaryp bestelt de faksinaasjes no direkt by in oare praktyk dy't se út it bûtenlân hellet. Dochs moatte noch hieltyd in soad minsken op oare plakken yn de provinsje op beskikbere faksinaasjes wachtsje.
Tips fan de feedokter
Mar oant dy tiid hat de feedokter in pear tips om jo knyn te beskermjen tsjin de sykte. Sa moatte je de kninen gjin gers fuorje, moatte jo sels net troch in natuergebiet rinne dêr't in soad wylde kninen komme en dogge jo der goed oan om de bisten in skoftsje net bûten te litten.