UPDATE: Feteraan foarkomt stellerij blommen Ynje-monumint

© Wikipedia
Jongeren hawwe moandeitejûn in diel fan de blommen by it Ynje-monumint op It Hearrenfean dellein waarden, besocht te stellen. It giet om in boeket dat út namme fan de gemeente dellein waard. Ek blommen dy't troch feteranen achterlitten waarden, wienen fuort.
De jongeren waarden trappearre troch in feteraan, dy't de blommen ôfpakte en foar de wissichheid meinaam hat. Hy woe sa foarkomme dat se echt stellen waarden.
"Volstrekt respectloos", neamt boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean it gedrach fan de jongerein. By it monumint waard moandeitejûn betocht dat der 71 jier lyn in ein kaam oan de oarloch yn Súdeast-Azië.