Fûgelwachters: "Stienmurd is gefaar foar greidefûgels"

16 aug 2016 - 13:05

De stienmurd moat sa gau as mooglik bejage wurde. Ek al is it bist no noch beskerme. Dy oprop docht de fûgelwacht Aldehaske. Fûgelwachters dêr hawwe de ôfrûne tiid kamera's pleatst yn it fjild. Sa is dúdlik wurden dat de predaasje fan greidefûgels foaral it wurk is fan de stienmurd. Mei no al desastreuze gefolgen foar de fûgelstân yn it grinsgebiet fan Aldehaske/Rottum.

De fûgelwacht Aldehaske ferwachtet dat de populaasje fan bygelyks de ljip en de skries de kommende tiid flinke klappen krijt as maatregels útbliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)