UPDATE: Steuring yn Vrouwenpoortsbrêge yn Ljouwert

16 aug 2016 - 12:32

Der wie tiisdei oan it begjin fan de middei in steuring yn de Vrouwenpoortsbrêge yn Ljouwert. De brêge en ek de bomen woene net mear omheech. Dat betsjutte dat der gjin ferkear oerhinne koe, mar dat ek de skipfeart net gebrûk meitsje koe fan de brêge.

Fytsers en fuotgongers koene wol oer de brêge mar moasten dan ûnder de bomen troch krûpe. Nei in lyts oerke wie de steuring foarby. De oarsaak: in fout yn it betsjinningssysteem..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)