Greenpeace kritysk oer stroomferbrûk Fryske gemeenten

16 aug 2016 - 08:07

Greenpeace hat krityk op it enerzjygebrûk fan de Fryske gemeenten. Neffens de organisaasje brûke dy noch fierste folle stroom foar har strjitferljochting, dy't wûn is út gas en stienkoal. Dat opwekjen op dizze wize soarget foar miljeufersmoarging.

Neffens Greenpeace is der gjin inkelde Fryske gemeente dy't echte griene stroom brûkt. Ek yn Drinte is dat it gefal. Hiel posityf is Greenpeace oer Gelderlân, dêr't hast alle 54 gemeente griene stroom brûke. Ek oer Flevolân en Utrecht is de organisaasje posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)