Sanne Wevers oer Olympysk goud: "Echt heel gaaf"

Turnster Sanne Wevers is tige grutsk op har gouden medalje. Moandeitejûn helle se it earste plak op it ûnderdiel balke op de Olympyske Spelen yn Rio. In historyske prestaasje. "Ik kan niet uitleggen hoe blij ik ben. Dit is fantastisch, ik heb er geen woorden voor. Echt heel gaaf", sei de turnster tsjin de NOS.
Wevers wie al in mondiale topper, ferline jier helle se sulver op it WK. Dêr einige se achter grutte konkurrinte Simone Biles.
"Ik heb na het WK gedacht: hoe ga ik Simone verslaan? Toen ik zag dat ze hier een fout maakte, besloot ik iets veiliger te gaan turnen." De oefening fan Wevers hie in hegere muoilikheidsgraad, mar se gong benammen foar in goede útfiering. En dat slagge, want se helle in persoanlik punterekôr: 15.466.
Keninklike famylje
Nei de huldiging op it turnpoadium, wachte de keninklike famylje op Wevers yn de katakomben. Dêr waard se persoanlik felisitearre troch Kening Willem-Alexander, Keninginne Máxima en de prinsessen.
"Heel bijzonder", neamt Wevers dizze moeting. "Ik ben heel trots dat ik de koninklijke familie heb kunnen laten zien hoe mooi turnen is."
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.