Fergoeding foar studinten mei in beheining ferskilt bot

16 aug 2016 - 06:21

Der binne per gemeente grutte ferskillen yn de fergoeding dy't studinten mei in beheining krije. Kin de stúdzjefergoeding yn Amsterdam oprinne oant 381 euro yn de moanne, yn Ljouwert is dat mar 42 euro. Yn Grins is de bylage mei 305 euro wer folle heger. It lanlik gemiddelde is 120 euro.

Dat docht bliken út ûndersyk troch RTLNieuws. Studinten mei in beheining binne troch in wiziging yn de Wajong ôfhinklik fan de studintefinansieringsregeling.

De studinten krije no in persoanlike tawizing en dy ferskilt per gemeente.

It lanlike studintefakbûn LSVb seit dat hjirmei de tagonklikheid foar heger ûnderwiis minder wurdt. In bybaan neist de stúdzje is foar in soad studinten te swier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)