Gouden medalje foar Sanne Wevers fan Sportstêd Hearrenfean

15 aug 2016 - 21:24

Turnster Sanne Wevers fan Sportstêd Hearrenfean hat in gouden medalje helle op de Olympyske Spelen. Wevers, berne yn Ljouwert, helle mei 15.466 punten in nij persoanlik rekôr op balke. De grutte favorite foar goud, de Amerikaanse Simone Biles, makke in grutte flater en foel dêrtroch ôf as konkurrint. Wevers mocht as fjirde en sette in sa goed as foutleaze oefening del. Ek de turnsters dêrnei helle har skoare net.

Sanne Wevers is berne yn Ljouwert en wenne it earste jier fan har libben yn Menaam. Dêrnei ferhuze it gesin, mei ek turnster en twallingsus Lieke Wevers, nei Oldenzaal. De lêste twa jier turnet Wevers op It Hearrenfean, ûnder begelieding fan har heit Vincent Wevers en bûnscoach Gerben Wiersma fan Grou.

Sanne Wevers har bêste prestaasje oant no ta wie sulver op in wrâldkampioenskip.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)