Undúdlikens oer ynkommenstoets

06 maaie 2012 - 12:51

Ferskate gemeenten ha de ynfiering fan de húshâldynkommenstoets op in sêft sin set. Reden is it akkoart dat it regear ferline wike sletten hat mei D66, Grien Links en de ChristenUnie. Dêryn stiet dat de hûshâldynkommenstoets skrast wurdt út de wet werk en bystân. Neffens dy regel soe by it tawizen fan útkearingen tenei sjoen wurde nei de ynkommens fan it folsleine gesin, dus ek de ynkomsten fan bygelyks ynwenjende bern. It is ûndúdlik hoe't it no komt mei de nije wet en dêrom hat Smellingerlân bygelyks alle tariedingen stopset.

Ek Skarsterlân en Tytsjerksteradiel wachtsje op neiere ysntruksjes fan it ministearje fan sosjale saken.

Trefwurden: 
húshâldynkommenstoets
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)