Simmerskoalle yn Ljouwert groeit as koal

Noch nea earder hawwe safolle learlingen meidien oan de Simmerskoalle yn Ljouwert. Sa'n 120 learlingen fan ferskillende skoallen krije de kommende twa wiken op de Zomerschool058 ekstra les yn ûnder oare rekkenjen, taal en sport.
It is de fjirde kear dat de Simmerskoalle hâlden wurdt. It wurdt alle jierren populêrder. Sa wiene der yn 2013 noch mar 12 dielnimmers en no dus 120. Koördinator Koos Pot moast de simmerskoalle dit jier útwreidzje mei in ekstra klasse.
Neffens Pot is de skoalle sa populêr om't in soad bern nei in pear wiken fakânsje net goed mear witte wat se dwaan moatte. Benammen wannear't sy net op fakânsje gean, hawwe se nocht oan aktiviteiten en ritme op in dei.
Oar bykommend foardiel is dat de bern in soad nije freonen meitsje. Dat seit Jamie, ien fan de learlingen. It is neffens him nammentlik net allinnich lessen folgje, mar ek in soad spultsjes mei-inoar dwaan.