Update: Bouwmeester noch altyd net wis fan goud: gjin wyn

15 aug 2016 - 20:02

Marit Bouwmeester is noch altyd net wis fan in gouden medalje. De lêste race fan de sylster út Warten, de saneamde medalrace, stie pland foar 18.05 oere, mar der stiet te min wyn. De race stiet no pland foar 20.30 oere, mar it is mar de fraach oft it dan wol trochgiet. Neffens guon berjochten kin de race oant en mei 21.30 oere trochgean. Oars giet de lêste race moandei net troch en wurdt er ferpleatst nei tiisdei. As it dan ek net trochgiet, wurdt de wedstriid skrast en hat Bouwmeester sûnder te silen goud.

UPDATE: Utstel oant 21.00 oere. De kâns dat it moandei noch trochgiet, wurdt hieltyd lytser.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)