Medaljekâns foar Postma foarby troch diskwalifikaasje

© ANP
Hurdsiler Pieter-Jan Postma is diskwalifisearre en kin gjin olympyske medalje mear winne. Flak foar de start fan de tsiende race hat er in oanfarring hân. Hy rekke de boat fan in Argentynske siler. Dy hat protest yntsjinne en de sjuery is dêrmei akkoart gien. Mei de diskwalifikaasje fersmyt Postma syn kâns op in medalje.
Postma einige yn de race op in sechstjinde plak. Hy sakket nei it sânde plak yn it klassemint. De achterstân op in poadiumplak is no sa grut wurden, dat er it net mear goedmeitsje kin.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os  of op de omropapp.