Dútske jonges mishannele op It Amelân

15 aug 2016 - 17:16

De plysje op It Amelân ûndersiket de mishanneling fan twa Dútske jonges. De jonges fan 16 en 17 melden harren op it plysjeburo mei it ferhaal dat in ûnbekende man harren moandeitemoarn mishannele hat op in parkearplak by in supermerk yn Nes. Wêrom't er dat die, is net dúdlik.

De jonges binne mei in groep oare Dútske jongeren op It Amelân. Se melden harren op it plysjeburo mei harren begelieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)