Fenna makket kajaktocht fan 5500 km foar goed doel

15 aug 2016 - 16:43

De 24-jierige Fenna Bergsma út Reduzum set ynkoarten útein mei in kajaktocht fan 5500 kilometer foar in goed doel. Mei twa freonen giet se yn acht moannen tiid nei Pesaro oan de eastkust fan Italië. It doel fan de reis is om jild op te heljen foar de bernesykte 'Batten'. Bern mei dy sykte wurde faak net âlder as 25 jier.

De sykte is hiel ûnbekend, wêrtroch't de farmaseutyske yndustry der net in soad omtinken oan jout. Dêrom wol it trijetal op syn minst €16.500,- ophelje mei harren kajaktocht.

It idee om foar de sykte 'Batten' jild op te heljen kaam in pear jier ferlyn, doe't de twa freonen fan Fenna deselde tocht makken mei de autopet. Se kamen yn kontakt mei in man dy't in jonkje koe mei de sykte.

It eindoel Pesaro is in symboalysk plak. It trijetal hat dêr in lange tiid simmerwurk dien. Se woene earst in moanne kajakke, mar se hiene al gau betocht dat se eins gewoan wer nei Pesaro ta farre moasten. Dat is in lange tocht, dus begûn it plannen. As se alle dagen 30 kilometer farre en sawat fiif dagen yn 'e moanne neat dogge, binne se acht moannen ûnderweis. Fia de Noardseekust geane se by Le Havre rjochting Parys. Troch Frankryk hinne komme se by Marseille út, wêrnei't se om Italië hinne kajakke sille.

Fenna is te folgjen op har reis op 2kayak4batten.nl. Dêr kinne minsken ek in donaasje dwaan.

Trefwurden: 
kajak Fenna Bergsma Reduzum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)