Fernieling Indiëmonumint Rengerspark ropt soad reaksjes op

De fernieling fan it Indiëmonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert ropt in protte reaksjes op. De Stichting Indiëmonument Fryslân krijt fan in soad kanten stipe. Ek biede keunstners oan fergees in nij monumint te meitsjen, seit foarsitter Gerard van Klaveren fan de stichting.
It byld fan de jonge soldaat by it Indiëmonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert is freedtenacht omsmiten en fernield. Om fjouwer oere nachts hawwe buertbewenners leven heard. Mar de dieders binne noch net pakt.
Yn itselde wykein waard yn Ljouwert ek it muzykfestival Into the Grave organisearre. De camping dêr't de besikers de nacht trochbrochten wie ek yn it Rengerspark. Mar in link tusken it festival en de fernieling, wol Van Klaveren noch net lizze salang't der noch gjin bewiis is.