Balkster stekt auto yn 'e brân

© Foto Kevin Leenstra/112SWF.nl
In man (48) út Balk is sneontejûn oanhâlden om't er op De Lemmer in auto yn de brân stutsen hie. Op De Pluut troffen se de eigeneresse fan de auto en in tal tsjûgen. Se hiene allegear sjoen dat de man de auto yn de brân stuts. Dêrby wiene de flammen ek nei himsels oerslein. De man wie doe fuortriden. De man is in bekende fan de frou en sa koe de plysje him fine. Doe't se by him thúskamen, die bliken dat er nei it sikehûs gien wie fanwege syn brânwûnen. De man is meinaam nei it buro.