Grutte kontrôle by plezierfeart op Fryske wetters

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat kontrolearret de kommende dagen de plezierfeart op de Fryske wetters. Mei patrûljeskippen, rappe motorboatsjes en in helikopter wurdt sjoen nei de snelheid fan boaten. Ek wurdt kontrolearre op farbewizen en oft de útrissing oan board wol neffens de regels is.
Doel is om de feiligens op it wetter dêr't ek beropsfeart is, te fergrutsjen. It giet dan ûnder oare om it Prinses Margrietkanaal en de Fryske marren. De kontrôle begjint tiisdei en duorret oant en mei snein. Ek op de rânemarren yn Flevolân wurdt kontrolearre.